Gean direkt nei de haadynhâld
Grut(sk) Fryslân

Skriuwsels

Ferhalen oer frijheid.

Wat is Fryske frijheid, en wat makket in Fries in Fries? Twa essays, yn it Frysk en yn it Nederlânsk.

FryskJULY 2026

Woartels

In folk is krekt as in beam: sûnder wyn krije de woartels gjin hâldfêst.

Yn guon wittenskiplike ûndersiken, hawwe minsken ferskate beammen, planten en bisten yn in ôfsletten biotoop ûnderbrocht. De beammen binne fansels net as folwoeksen beammen dêr hinne set; sy hawwe jonge beamkes plante. De beammen waaksen geweldich. Goeie boaiem, goeie temperatuer, genôch ljocht, ensafuorthinne. Mar op in dei begongen dy grutte beammen om te fallen. Sûnder dúdlike reden knikten sy samar om. De wittenskippers stiene mei harren knappe koppen der by te loeren en skobben harren oan de kop. Hoe kinne sokke sûne beammen no samar ynienen omfalle? Nei in lang petear en in protte teoretysk harsenskrabje kamen de gelearden ta de konklúzje dat, hoewol de beammen tsjokke woartels hiene, de woartels gjin hâldfêst fûn hiene yn de grûn. De beammen misten ien tige wichtich ding yn harren biotoop: Wyn. Hurde wyn. Wyn dy't bûten in ôfskerme biotoop de beammen swypkje lit yn razende hurde wyn. De beammen hawwe it te goed hân, allinnich mar beskerme, en nimmer bleatstelt oan de krêft fan de natuer.

Sietze

FryskMAAIE 2025

Der is eins gjin wurd foar

Fryske fryheid. Dér is eins gjin wurd foar, dochs wurd der wol oer skreaun.

Fryske fryheid, dér is eins gjin wurd foar, dochs wurd der wol oer skreaun. It giet fjirder dan skrift of boeken die ôfslûtten wurde troch in foar en achterkaft. Ôfslûtten troch in earste en lêste bladside.

Nico

FryskJANNEWARIS 2025

Wat is in Fries?

In protte minsken yn Fryslân wrakselje mei it Frysk wêzen. Wat is in Fries eins?

It is dreech om josels te ferklearjen. It bêste is nei it wurd Fries te sjen en dizze trochmidden te hakjen. Dus “Fri-es”.

Martinus