Nij dit jier: it Vikingdoarp
Stap werom yn de tiid. Dit jier wreidzje wy ús Fair & Boeremerk út mei in bysûnder nij ûnderdiel: in folslein yn âlde styl opboud Vikingdoarp.
Hjir komme âlde ambachten en it libben fan eartiids byinoar. Kuierje troch it doarp, besjoch de ambachtslju oan it wurk en ûntdek hoe't minsken eartiids libben, wurken en har produkten makken.
In plak om te sjen, te learen, te belibjen en jin te fernuverjen. It Vikingdoarp is ûnderdiel fan ús ambysje om de Fair & Boeremerk elk jier fierder út te bouwen ta in evenemint dêr't tradysje, ambacht, streekprodukten en belibbing byinoar komme.
Fan boer nei minsk. Fan eartiids nei no.
